Maatregels tsjin guozzen Harns

03 jun 2006 - 15:56

De gemeente Harns nimt rigoereuze maatregels om de oerlêst fan 30 guozzen oan de Kanaalwei yn de stêd tsjin te gean. De bisten skite de hiele strjitte ûnder en meitsje in soad leven.

Buertbewenners ha klage by de gemeente en de plysje. De gemeente hat kontakt opnaam mei de biste-ambulânse en dy soarget foar in nij plak foar de guozzen. De bisten gean nei Tsjom. It is de bedoeling dat se net werom komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)