Maatregels tsjin gaslekkaazjes

24 mrt 2011 - 12:08
  • Gaslek yn de wyk Aldlân (foto: Omrop Fryslân)

Reggefiber dat it glêsfezelnetwurk yn Ljouwert oanleit, mei gjin flaters mear meitsje by graafwurk. Oars wurdt de fergunning ynlutsen. Boargemaster Crone fan Ljouwert hat syn nocht fan lekkaazjes dy't net melden binne. Hy hat it Agintskip Telecom ynskeakele foar tafersjoch. Dat kin it wurk ek stillizze as it wer misgiet.

Ferline wike noch siet in man dagen sûnder gas nei't in lieding stikkengie by graafwurk. Dat soarge neffens netbehearder Enexis foar grut gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)