Maatregels om útbraak fan búkgryp foar te kommen

28 jan 2015 - 11:43

Soarchsintrum Coornhertstate op It Hearrenfean nimt maatregels om in eventuele útbraak fan búkgryp de kop yn te drukken. Sa'n 10 bewenners binne de ôfrûne dagen siik wurden. It is net dúdlik watfoar grypfoarm der op it stuit der hearsket.

Aktiviteiten binne ôfsein en is it restaurant ticht. Ek moatte meiwurkers beskermjende klean oan hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)