'Maatregels oerlêst net nedich'

08 aug 2001 - 00:00

Skylge hoecht gjin ekstra maatregels te nimmen tsjin dronken jonge badgasten. Dat seit boargemaster Beukering nei oanlieding fan de oanbefellings fan in professor medyske sosiology. Dy hat ûndersyk dien nei oerlêst op fakânsjeplakken.

De gemeente moat goede ôfspraken meitsje mei hoareka en campinghâlders. Op Skylge is dat goed regele, seit Beukering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)