Maatregels foar sweltsjes

11 maaie 2010 - 15:14
  • Sânbulte mei sweltsjes tusken Boerum en Bûtenpost

Sweltsjes yn Achtkarspelen moatte mear omtinken krije. De gemeente wol yn gearwurking mei skoallen en ynwenners romte meitsje foar nêsten foar ierdswellen, wytgatswellen en boereswellen.

Yn in nijbouwyk yn Surhústerfean moat takom jier in spesjale sweltsjetil en briedmuorre komme. Fierders moatte by brêgen en huzen lytse oanpassings komme sadat sweltsjes dêr makliker yn nêstelje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)