Maatregels foar dongopslach

16 jan 2005 - 17:39

De gemeente Tytsjerksteradiel tinkt deroer om maatregels op te lizzen oan hobbyboeren mei in dongopslach bûtendoar. Dat stiet yn it miljeu- útfieringsprogram fan de gemeente.

Neffens Tytsjerksteradiel dogge hobbyboeren der faak neat oan om foar te kommen dat der dong yn de grûn of de sleat bedarret. Dêr soene eins maatregels foar komme moatte, fine se. It nije belied wurdt opnaam yn de algemiene pleatslike feroardering, APV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)