Maatregels fileferkear De Jouwer

07 jul 2004 - 16:49

Op koarte termyn sille maatregels naam wurde om files op it ferkearsplein by De Jouwer foar te kommen. It giet dan om snelheidsbeheinende maatregels en it pleatsen fan buorden.

De provinsje en Rykswettersteat sille it gebiet ynkoarten goed yn kaart bringe om út te sykjen wêr't it ferkear it bêste del kin. Benammen ferkear út de rjochting Snits stiet hieltyd faker yn de file. It oanlizzen fan in by-pass of in fly-over wurdt earst te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)