Maatregels fanwege fûgelpest

01 mrt 2003 - 00:00

De mooglike útbraak fan fûgelpest yn de omkriten fan Barneveld hat ek gefolgen foar de plomfeehâlderij yn Fryslân. Der mei yn it hiele lân gjin plomfee, plomfeedong, briedaaien en brûkt stuisel mear ferfierd wurde.

It fûgelpestfirus is fataal en tige besmetlik. De NLTO neamt de situaasje soarchlik en stiet op skerp, mocht it firus nei it noarden komme. Nei alle gedachten giet de grutte fûgelbeurs op 15 maart op 'e Jouwer no net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)