Maatregels dyk Surch-Mullum

20 apr 2001 - 00:00

De maksimumsnelheid op de dyk N31 tusken Surch en Mullum giet nei ûnderen. No mei der op dat stik dyk noch hûndert kilometer yn 'e oere riden wurde. Fan 28 april ôf is dat noch mar tachtich.

Op it hiele trajekt sil dan ek in ynhelferbod jilde. De plysje sil kontrolearje oft automobilisten har oan de nije regels hâlde. De nije maatregels binne naam fanwege de feilichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)