Maatregel Serious 11stêdetocht

17 okt 2013 - 12:05
  • 3FM Serious Request, It Glêzen Hûs yn Enschede 2012

De gemeente Ljouwert hâldt rekken mei in Alvestêdetocht krekt op itselde momint as Serious Request. Om de kombinaasje fan beide massa-eveneminten yn de stêd oan te kinnen wurde op 't heden feiligensplannen makke.

Yn de wike foar kryst komme de DJ's fan 3FM mei it Glêzen Hûs nei Ljouwert om jild yn te sammeljen foar it goede doel. Dêr komme nei alle gedachten tsientûzenen minsken op ôf. As dan tagelyk de Alvestêdetocht is, komme dêr nochris hûnderttûzenen by. Ljouwert oerleit mei de Alvestêdeferiening en 3FM oer ekstra maatregels

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)