Maatregel trajekt Harns-Ljouwert

12 jan 2006 - 11:11

Ferfiersbedriuw Arriva nimt ekstra maatregels op it treintrajekt fan Harns nei Ljouwert. Dat bart om foar te kommen dat der yn de spits reizigers efterbliuwe moatte op stasjons. Dat is de lêste wiken foarkommen, om't der gjin Q-liner mear rydt tusken Harns en Ljouwert.

Foarearst wurdt der dochs wer in bus ynsetten. Op termyn wurdt de kapasiteit fan de trein tusken Harns en Ljouwert útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)