Maastricht oertsjûge fan winst

05 sep 2013 - 09:58
  • Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018

Sa'n 3000 minsken hawwe woansdei yn Maastricht de sjuery fan Kulturele Haadstêd 2018 ûntfongen. Maastricht is mei Ljouwert en Eindhoven ien fan de trije kânshawwers. Op it Vrijthof wiene muzyk, foardrachten, byldzjende keunst, moade, film en arsjitektuer te sjen en te hearren.

De sjuery brocht ek in besite oan Luik en Genk. De organisaasje yn Maastricht spruts it stribjen út om strjitlingtes foar Ljouwert en Eindhoven te einigjen. De sjuery makket freed bekend hokker stêd Kulturele Haadstêd wurdt yn 2018.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)