Maastricht fernuvere oer jildtekoart Kulturele Haadstêd

27 mrt 2016 - 18:58
  • Kulturele Haadstêd 2018

Yn Maastricht binne se bot fernuvere troch it nijs dat de organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 in part fan it programma skrast hat fanwegen jildtekoart. Dit stekt de Limboargers, omdat sy in harren bidbook wol de hantekeningen fan gemeenten en provinsje hiene foar de finansjele tasizzingen.

Maastricht wie mei Ljouwert en Eindhoven kandidaat foar Kulturele Haadstêd 2018, mar de sjuery keas yn 2013 foar Ljouwert. Yn de Fryske begrutting waard doe noch útgien fan 40 miljoen euro, mar dat is no werombrocht nei 26,5 miljoen.

As gefolch hjirfan binne der oant no ta fiif grutte projekten skrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)