Mêst Smilde letter klear

20 jul 2012 - 14:40
  • De stjoermêst yn Hoogersmilde

Rein, tonger en hurde wyn spilet it op 'e nij opbouwen fan de sjoermêst yn Hegersmilde parten. De nije mêst soe begjin augustus klear wêze moatte, mar troch it minne waar wurdt dat net helle. Dat hat Novec, de eigener fan de mêst, witte litten.

De fertraging kin wol twa moanne wêze. De stjoermêst yn Hegersmilde stoarte ferline jier july yn as gefolch fan brân. As gefolch dêrfan binne guon radiostjoerders yn Fryslân minder goed te ûntfangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)