Lytste teater yn Ljouwert

22 mrt 2004 - 00:00

Ljouwert hat der wer in teater by. It lytste teater fan Nederlân, dêr't plak is foar tolve besikers. Fêste spiler is Haye Bijlstra. Bijlstra reiziget al mear as tritich jier mei marionettefoarstellings foar folwoeksenen troch Nederlân.

It nije poadium, it Etalagetheater, hat snein de doarren iepensteld, op wrâldmarionettedei. It is te finen oan de Ljouwerter Vijzelstraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)