Lytste keammerke-ekspo yn MCL

09 apr 2013 - 10:23
  • It 'lytste keammerke' yn it MCL

Yn it Medysk Sintrum Ljouwert is tiisdeitemoarn in reizgjende eksposysje oer termkanker iepene troch sjirurch Pierie en MCL-dokter Corporaal. De útstalling hjit 'Het kleinste kamertje' en wol foarljochting jaan oer termkanker.

Elts jier krije 13.000 minsken termkanker. 5.000 fan harren komme úteinliks te ferstjerren. As de sykte betiid ûntdutsen wurdt, is de kâns om better te wurden folle grutter. It MCL wol dêrom mear omtinken foar previnsje en it betiid opspoaren fan de sykte.

Woansdei is der in foarljochtingsjûn oer termkanker yn it MCL. Onkologysk sjirurch Pierie fynt dat minsken goed har eigen poep besjen moatte. As dy poep ynienen in hiel oare kleur hat, of der sit bloed yn, dan dogge je der goed oan om nei de húsdokter te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)