Lytsskalige psychiatryske soarch no ek yn Drachten

05 nov 2015 - 21:48
  • Synaeda sit no ek yn Drachten

Psycho Medisch Centrum Synaeda hat tongersdei in twadde fêstiging iepene yn Drachten. It lytsskalich behannelsintrum foar geastlike sûnenssoarch hat spesjalisten op it mêd fan bygelyks ADHD, autisme en persoanlikheidsproblematyk.

Neffens Anke Oosterbaan fan Synaeda binne lytsskalige behannelsintra wichtich om't in grut part fan it sukses fan in behanneling ôfhinklik is fan fertrouwen fan de pasjint. By Synaeda is alle soarch beskikber ûnder ien dak en dat is neffens Oosterbaan in grut foardiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)