Lytsewierrum en omjouwing krije rap ynternet

01 des 2015 - 15:23
  • Glêsfezel

Yn Lytsewierrum wurdt nije wike it glêsfezelnet offisjeel yn gebrûk naam. It rappe ynternet dat dêrmei mooglik wurdt, is in inisjatyf fan ynwenners fan de doarpen Hidaard, Itens, Lytsewierrum en Rien. Dy woene dat sa graach ha, dat se foar in grut part meibetelje oan it projekt.

De provinsje hat der subsydzje foar jûn en de gemeente Littenseradiel stiet garant foar in liening. Dy liening wurdt ôflost troch de minsken dy't meidogge yn it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)