Lytser azc yn Littenseradiel

26 okt 2001 - 00:00

De gemeente Littenseradiel kiest dochs net foar in asylsikerssintrum (azc) foar fiifhûndert bewenners. B en W leit de ried no in plan foar mei in azc foar twahûndertfyftich minsken.

B en W komme dêrmei temjitte oan de winsken fan de ynwenners fan Littenseradiel. Dy fiele mear foar in lytser azc. Dat soe wol betsjutte dat de gemeente de asylsikers langer opheint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)