Lytse winkels hâlde doar ticht op earste reguliere keapsnein

01 mrt 2015 - 16:53
  • De Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert

Lang net alle winkels yn de Ljouwerter binnenstêd dienen snein mei oan de earste reguliere keapsnein. Lykas ferwachte wiene de measte winkels fan lytse selstannigen ticht om't se net ynvestearje kinne yn ekstra personiel. Sa wiene yn de Lytse Tsjerkestrjitte de measte spesjaalsaken ticht. Benammen grutte retailketens hienen harren saak iepen. Hoefolle publyk de earste reguliere keapsnein lutsen hat, is ûnbekend.

Sûnt dizze moanne meie Ljouwerter winkels alle sneinen iepen wêze. Earder mocht dat allinnich op de lêste snein fan de moanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)