Lytse opkomst weryndielingsjûn

18 nov 2008 - 09:31

Ynwenners fan Dongeradiel rinne noch net waarm foar in diskusje oer weryndieling. Der kamen moandeitejûn mar tsien minsken nei de earste fan 'e trije gearkomsten dy't de ried hâldt oer dit ûnderwerp. In mearderheid fan 'e oanwêzigen fynt dat it noch te betiid is om te fusearjen, mar Dongeradiel is te lyts om selsstannich troch te gean.

Yn jannewaris komt de kwestje oan de oarder yn de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)