Lytse mearderheid foar sportstêd

12 sep 2002 - 00:00

De provinsje sil sa't it no liket mei in lytse mearderheid akkoart gean mei in bydrage fan 19,2 miljoen euro oan Sportstêd Hearrenfean. Dat die tiisdei bliken yn 'e steatekommisje. VVD, FNP en Grien Links binne tsjin, PvdA en CDA foar. De VVD fynt de risiko's te grut.

Sportstêd Hearrenfean kostet 80 miljoen euro. It jild is nedich foar û.o. in nij swimbad en nije sporthallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)