Lytse ierdbeving yn Waadsee

08 maaie 2010 - 10:23

Yn it Grinslanner diel fan de Waadsee hat freedtemoarn in lytse ierdbeving west. De beving hie neffens it KNMI in krêft fan 2,5 op de skaal fan Richter.

De beving wie sa'n trije kilometer út de kust by it plakje Usquert. In tal bewenners fan it gebiet hat nei de beving kontakt socht mei it KNMI. Sûnt der yn 1986 gas wûn wurdt yn it Noarden, hawwe der sa'n 650 ierdbevings west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)