Lytse havens oan de Waadsee minder tagonklik

20 feb 2016 - 12:02
  • De haven fan Flylân lei der sneontemoarn noch fredich by

Lytse havens oan de Waadsee binne troch it tichtslibjen hieltyd minder tagonklik. Dat spilet al jierren en is in grut probleem foar de rekreaasje. Boatsjefarders kinne dêrtroch dreech by havens komme en dat kin ta gefaarlike situaasjes liede.

De problematyk fan de lytse havens is it belangrykste punt op de jiergearkomste fan de Feriening fan Waadfarders yn de Maritime Akademy yn Harns. Ien fan de sprekkers, Hans Danel, leit út hoe't de havens better tagonklik makke wurde kinne. Dat kin troch it baggerjen 'op stroom' te setten.

Dat hâldt yn dat mei skroeven fan skippen troch de geul fearn wurdt. Dit moat der foar soargje dat de 'prut' mei ôfgeand tij nei bûten giet. De belangeferiening Waadfarders is yn 1990 oprjochte mei it doel om de rekreaasjefeart tagong te jaan ta ôfsletten natuergebieten yn de Waadsee. Waadfarders bestie doe út 35 minsken en telt no sa'n 1.200 leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)