Lytse gemeenten ha it dreech

15 nov 2001 - 00:00

Lytse gemeenten kinne selsstannich hast net mear bestean. Dat sei foarsitter De Jonge fan de feriening fan Fryske gemeenten op in gearkomste fan gemeentepersoniel.

Gemeenten mei in ynwennertal fan 10.000 kinne hast gjin personiel lûke. Dat komt om't der hast gjin trochgroeimooglikheden binne. De Jonge wol dat de provinsje it ûnderwerp op de wurklist set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)