Lytse bybs moatte ticht

10 jun 2013 - 16:16

De 16 lytse bibleteken yn Frjentsjerteradiel en it Bilt slute op 22 juny. De noardlike bibleteken moatte yn totaal 4 ton besunigje, de lytse bybs foarmje in ûnderdiel fan dy besunigings. It giet om lytse bybs yn ûnder oare Achlum, Wier en Seisbierrum.

Direkteur fan de noardlike bibleteken, Jouke Bethlehem, is bliid mei de sluting. Neffens him kamen der al net safolle minsken en de bibleteken kinne no rjochte wurde op bern. De bernekolleksje fan de lytse byb sil nammentlik ferpleatst wurde nei de basisskoallen.

De âlderein moat tenei om boeken nei de bibleteken yn de gruttere plakken. Bethlehem seit dat de âlderein al nei de gruttere plakken gie, omdat se dêr in gruttere kolleksje ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)