Lytse brân Stadhouderlijk Hof

24 aug 2009 - 06:36

Der hat sneintejûn in lytse brân west yn hotel Het Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert. Op de tredde ferdjipping fan it hotel stie in bêd yn 'e brân. Hoe dat koe is noch net bekend.

De brânwacht sette grut materieel yn foar it bestriden fan de brân, mar dat hoegde úteinlik net brûkt te wurden omdat it fjoer samar út wie. De skea bleau dêrtroch beheind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)