Lytse boete foar fjoerwurk

25 okt 2006 - 15:21

Harkemase Boys hat in lytse boete krigen foar it ôfstekken fan Bingaalsk fjoer. It giet om in symboalyske sanksje fan 100 euro. It fuotbalbûn fynt dat der net folle oerbleaun is fan de eardere oanklacht.

It fuotbalbûn koe net bewize dat der sprake wie fan drankgebrûk bûten de kantine en it ôfstekken fan rotsjes by de wedstriid tsjin ONS Snits. Harkemase Boys hat besletten om tenei gjin fjoerwurk mear ôf te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)