Lytse boaten nei Sleat troch wyn

27 jun 2002 - 00:00

De lytste skippen fan Fryslân Fart farre tongersdei nei Sleat yn plak fan Balk. Reden is de hurde wyn. Dat is de iennichste oanpassing. Mooglik moat it program foar freed mear oanpast wurde.

Mocht it bot waaie sille de skippen net oer de Tsjûkemar mar binnentroch fan Sleat nei De Lemmer farre. Dielnimmers wurde dan mei bussen nei de aktiviteiten yn de doarpen brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)