Lytse bisteshow foar 50e kear

26 okt 2012 - 17:08
  • hinnen
  • kninen

Yn sporthal De Trimmer yn Dokkum is tongersdei de 50ste edysje fan de Frieslandshow fan start gien. De show wurdt organisearre troch Frisia en dy is dêrmei de iennichste Fryske plomfee- en kninefokkersferiening dy't 50 kear achterinoar in bisteshow hâldt.

Hûnderten dowen, hinnen, kninen en kavia's binne der te besjen. De eigners kinne der prizen mei winne. De feriening hat trouwe en aktive leden, mar is yntusken wol fergrize.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)