Lytse basisskoallen faak swak

12 apr 2011 - 10:09

Lytse basisskoallen binne faker swak of hiel swak as basisskoallen dy't grutter binne. De feilige omjouwing dy't âlden faak sykje kin úteinlik dochs min útpakke foar de bern. Dat stiet yn it jierferslach fan de ûnderwiisynspeksje.

Der binne goed 200 lytse basisskoallen yn Nederlân, dy stean benammen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. De ynspeksje fynt dat der fúzjes komme moatte tusken lytse basisskoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)