Lytse 60 boetes kontrôle A32

06 jun 2008 - 10:37
  • Lytse 60 boetes op de A32 (argyffoto)

De plysje hat tongersdei by in grutte ferkearskontrôle tusken Ljouwert en It Hearrenfean 57 bekeurings útdield. De measte automobilisten krigen in jildboete foar it net dragen fan in gordel, gjin jildich rydbewiis, in defekte útlaat of net handsfree belje.

Ien persoan hie tefolle dronken. By de kontrôle op frachtweinen waarden boetes útdield foar tefolle lading, gjin goeie sjauffeursdiploma's en de oertreding fan de rydtidenwet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)