Lyts wetterpark by Follegea

16 okt 2011 - 10:56

Follegea krijt mooglik in lyts wetterpark. In ynwenner fan it doarp by De Lemmer wol yn de Follegeasleat 20 rekreaasje-arken dellizze.

Op in part fan dy lokaasje hat jierrenlang in miny-camping west mei 15 plakken. Foar de realisaasje fan it wetterpark moat in stik greide útgroeven wurde. Der wurdt al langer praat oer de realisaasje fan it wetterparkje. De gemeente Lemsterlân is posityf oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)