Lyts papegaaike stellen

22 okt 2004 - 11:05

Ut in dierewinkel yn Drachten is woansdei in baby-papegaai stellen. It bist is sawat 600 euro wurdich. Twa froulju ha de saneamde readsturt- papegaai stellen troch de fûgel yn in boadskippetas te dwaan. Dat is fêstlein op in bewakingsfideo.

De eigner fan'e saak sit bot yn oer de sûnens fan de papegaai. Hy moat mei de hân fuorre wurde en hat spesjaal iten nedich. De plysje hat noch gjin spoar fan de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)