Lyts Frisia ferskynt net mear

26 feb 2009 - 09:57

De Jongfryske Mienskip hat besletten om it tiidskrift 'Lyts Frisia' net mear ferskine te litten. It tiidskrift foar 'literatuer en Fryske striid' krige de lêste jierren te min kopij, sa fûn de redaksje. Ek is it tal lêzers ûnder de hûndert sakke. Fierder kin de redaksje mar min in nije haadsamler (einredakteur) fine.

Lyts Frisia wurdt al sûnt 1951 útjûn troch de Jongfryske Mienskip. De foargonger fan it tydskrift wie Frisia en ferskynde fan 1917 oant 1936.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)