Lyts brantsje by supermerk

12 maaie 2009 - 09:01

Der hat tiisdeitemoarn in lyts brantsje west by de Albert Heijn yn de wyk Camminghaburen yn Ljouwert. Dat waard feroarsake troch koartsluting boppe it plafond.

De brânwacht hie it brantsje binnen in pear minuten út. Omdat der wat reek yn de winkel kaam is, moat de supermerk de earste oeren tichtbliuwe. De winkel rint dêrtroch in pear tûzen euro omset mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)