Lykspul yn wedstriid Drachtster Boys-Excelsior '31

21 mrt 2015 - 16:45
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon in knap punt troch mei 2-2 lyk te spyljen tsjin de nûmer trije Excelsior '31. Op eigen fjild sette Sicco Bouwer de Drachtsters mei in moaie frije traap op foarsprong. Yn de 32e minút wie it Jan Stoker dy't foar de 2-0 tekene, op 'e nij mei in frije traap.

Nei rêst brochten de gasten de spanning werom yn de wedstriid mei de oanslutingstreffer yn de 68e minút. Mei noch 5 minuten op de klok koe de ploech fan trainer Fred de Boer net foarkomme dat de gasten út Rijssen op likense hichte kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)