Lykspul yn noardlike derby

01 des 2002 - 00:00

SC Hearrenfean hat yn Grins mei 1-1 lyk spile tsjin FC Groningen. Beide ploegen steane ûnderoan yn de earedivyzje. De Friezen kamen yn de 61e minút achter doe't Salmon skoarde. De gelykmakker kaam fan de foet fan de Grykse ynfaller Samaras (17 jier) yn de 79e minút. Hy moast foar Selakovic ynfalle.

Der wienen 12.000 taskôgers yn it Oosterparkstadion yn Grins. SC Hearrenfean stiet op it fyftjinde plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)