Lykspul SC Hearrenfean tsjin FC Dordrecht

30 jan 2015 - 22:01

Sportklup Hearrenfean hat freedtejûn lykspile tsjin FC Dordrecht. Beide ploegen wisten net te skoaren yn it Riwal Hoogwerkers Stadion. Hearrenfean wie yn de earste helte de bettere ploech, mar wist de kânsen net te fersulverjen. Benammen Joey van den Berg, dy't it plak yn de spits oernaam fan de skorste Uth, krige twa dikke kânsen.

Yn de twadde helte waard Dordrecht better en krige it ek noch in pear goeie kânsen. Dêrtroch is it lykspul wol terjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)