Lykspul ONS, winst Dr. Boys

16 okt 2010 - 17:10

ONS Snits spile yn Assen mei 0-0 lyk tsjin ACV. De wedstriid begûn nuver. De skiedsrjochter wegere te begjinnen om't de sokken fan de Snitsers net wyt genôch wiene. ACV hie noch wol wite sokken en doe koe it los. Yn de earste helte waard Hicham Ziyech fan ONS Snits fan it fjild stjoerd nei twa giele kaarten. Yn de twadde helte wie ONS mei tsien man de bettere ploech, mar it bleau dochs 0-0.

Drachster Boys wûn thús mei 3-1 fan PKC '83 út Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)