Lykspul by Omniworld-Cambuur

02 des 2006 - 11:57

Cambuur hat freedtejûn mei 2-2 lykspile tsjin FC Omniworld. Al nei seis minúten kamen de Ljouwters op achterstân troch in penalty fan Ergun Cakir. Jeroen Hessing makke der nei in heal oere 2-0 fan. Noch foar it skoft brocht Jeroen Ketting mei in prachtiche goal de spanning werom yn de wedstriid.

Yn de twadde helte skeat ynfaller Bovar Karim Cambuur nei in lykspul. Cambuur stiet no op it 17e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)