Lykspul Jong Hearrenfean/Emmen

03 feb 2011 - 21:10

Jong Hearrenfean/Emmen hat in kreas lykspul helle yn de útwedstriid tsjin Jong FC Twente: 2-2. Dizze kear wie de ploech fan trainer Johnny Jansen echt jong. Der diene gjin spilers fan de A-seleksje mei.

Yn de earste helte kaam Twente op foarsprong. Nei de tee setten de A-junioaren Tobias Kainz en Radovan Mitrovic de Feansters op foarsprong. De ploech hie doe trochsette moatten, mar dat slagge net. Thijs Bouma makke foar Jong FC Twente de 2-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)