Lykspul jong Hearrenfean

20 okt 2008 - 22:08

Jong Hearrenfean koe moandeitejûn yn in goed beset Abe Lenstra Stadion net winne fan jong Ajax. De wedstriid einige sa't dy begong: 0-0.

Sa'n 18.000 taskôgers - jong en âld - seagen in earste helte sûnder hichtepunten. Dat feroare nei de tee. Doe krigen beide ploegen in pear bêste kânsen. By de Feansters groeide keeper Kenny Steppe út ta man fan de wedstriid. Beide ploegen ha no alve punten út sân wedstriden en stean op in dield fyfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)