Lykspul Jong Hearrenfean

07 mrt 2007 - 21:13

De beloften fan Sportclub Heerenveen ha woansdei mei 1-1 lykspile tsjin FC Twente. De 1-0 foar de thúsploech waard yn de 47ste minút makke troch Anatoli Gerk. Fiif minuten letter soarge Nicolas Tarvajärvi foar de lykmakker. Beide ploegen hiene kânsen om de wedstryd te winnen, mar troch goed keeperswurk bleau it 1-1.

De beloften fan Hearrenfean steane boppe-oan, mei 44 punten út 19 wedstriden

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)