Lykspul Jong Hearrenfean

24 feb 2011 - 21:28

Jong Hearrenfean/Emmen en Jong De Graafschap soargen foar in protte spektakel op sportpark Skoatterwâld mei in 3-3 einstân as gefolch. Twa kear moast de thúsploech in efterstân fuortwurkje. Dat diene Ernesto Seymonson en Jeffrey Gouweleeuw.

Faysal Shayesteh makke yn de 89ste minút in prachtich doelpunt: 3-2. Yn de ekstra tiid betsjutte in hiele moaie frije traap fan Geoffry Hairemans de 3-3. Jong Hearrenfean/Emmen stiet no fiifde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)