Lykspul Hearrenfean tsjin ADO

03 maaie 2009 - 16:45
  • Paulo Henrique (foto: Martin de Jong)

Sportklup Hearrenfean hat yn it eigen stadion mei 2-2 lyk spile tsjin ADO Den Haach. Yn de earste helte wie ADO de bettere ploech. Sy kamen dan ek op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Horvath en Milic.

Yn de twadde helte krige Hearrenfean in penalty. Danijel Pranjic miste de strafskop. Paulo Henrique wie wol trefseker en soarge foar de 1-2. Kristian Bak Nielsen makke de lykmakker. De Feansters hiene dêrnei noch wol kânsen, mar it bleau 2-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)