Lykspul Harkemase Boys

12 feb 2011 - 16:32
  • Harvey Bishop (foto: AWfoto-André Weening)

Harkemase Boys kin weromsjen op in teloarstellende fuotbalpot troch mei 1-1 lyk te spyljen tsjin Lisse. De ploech fan trainer Peter Meindertsma wie sneon yn Súd-Hollân benammen yn de earste helte folle better, mar koe dit net útdrukke yn in oerwinning.

De Boys kamen yn de 19de minút op efterstân, mar sân minuten letter makke Ale de Boer út in korner lyk. Dit wie ek de stân by rêst. Spits Oebele Schokker rekke foar de Fryske topklasser noch de peal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)