Lykspul Harkemase Boys

27 sep 2008 - 16:52

Sneonshaadklasser Harkemase Boys kaam op it eigen fjild net fierder as in 2-2 lykspul tsjin Nunspeet. De Harekiten kamen yn de earste helte op in 1-0 efterstân.

Oebele Schokker makke yn de 71ste minút de lykmakker en Martijn Barto sette de Boys op in 2-1 foarsprong. Mei noch fiif minuten op de klok makke Nunspeet de lykmakker. Harkemase Boys krige in protte kânsen, mar liet it yn de ôfwurking ôfwitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)