Lykspul Harkemase Boys

03 des 2011 - 16:54

Topklasser Harkemase Boys hat sneontemiddei yn de striid om de degradaasjeplakken te ûntrinnen in wichtich puntsje pakt. Op sportpark De Bosk waard it tsjin in better Capelle 2-2.

De Boys kamen al nei twa minuten op efterstân, mar René van der Weij makke noch foar it skoft de 1-1. Yn in twadde helte kamen de Harkemasters wer efter. Ferdigener Koos Werkman kopte de 2-2 binnen út in frije traap fan Oebele Schokker. Nei twa kear ferlies op rige is dit wer in opstekker foar de Boys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)