Lykspul FVC, winst Snits Wyt Swart

19 apr 2014 - 19:39
  • FVC

Yn de sneins haadklasse fan it amateurfuotbal spile FVC sneon op eigen terrein mei 2-2 lyk tsjin Rohda Raalte. FVC stie nei de earste helte mei 2-0 achter. Yn de twadde helte makke Geert Faber al nei 5 minuten de 2-1. Pas yn blessueretiid wist FVC in puntsje út it fjoer te slepen, troch in frije traap fan 40 meter fan Wesley Tankink. Dyselde spiler krige in minút letter read nei in hurde oertreding. FVC bliuwt troch dit lykspul yn degradaasjesoargen. Snits Wyt Swart wûn mei 2-1 fan koprinner Hercules. De Jouwer ferlear mei 5-1 fan Quick 20.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)